Marga Waanders definityf boargemaster Waadhoeke

18 okt 2018 - 16:02

De beneaming fan Marga Waanders ta boargemaster fan de gemeente Waadhoeke is definityf. Se begjint offisjeel op 30 oktober. Waanders is op dit stuit noch boargemaster fan Dongeradiel.

Foto: Omrop Fryslân

Waadhoeke is in fúzjegemeente dy't begjin 2018 ûntstien is út de de eardere gemeenten Frjentsjerteradiel, It Bilt, Menameradiel en in part fan Littenseradiel. Waanders wurdt de opfolger fan Hayo Apotheker, dy't sûnt it ûntstean fan de gemeente de waarnimmend boargemaster is.

Der hiene yn earste ynstânsje tolve minsken sollisitearre nei de funksje fan boargemaster: njoggen manlju en trije froulju.

(advertinsje)