Crowdfundingaksje foar A7-fertochten foarearst stopset

De crowdfundingaksje strafpiet.nl is tydlik stopset. De kampanje wie bedoeld om jild yn te sammeljen foar de 34 fertochten fan de A7-blokkade dy't ferline wike foar de rjochter komme moasten.
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Neffens de inisjatyfnimmers krige de aksje in soad oandacht en wiene der al tûzenen euro's tasein. Der wie ek krityk. Minsken tochten dat de inisjatyfnimmers it jild yn eigen bûse stekke soene.
In wurdfierder fan de groep Friezen, dy't ferline jier mei de lanlike yntocht fan Sinteklaas de A7 by De Jouwer blokkearren om foar te kommen dat tsjinstanners fan Swarte Pyt nei Dokkum komme soene, hie ek al oanjûn dat sy net op de aksje sieten te wachtsjen.
Yn oerlis mei de groep fan 34 is de aksje dêrom stopset oant 9 novimber. Dan docht de rjochter útspraak. It jild dat al ophelle is, sil brûkt wurde om juridyske kosten te dekken.