Asylsikerssintrum yn Balk giet mooglik wer iepen: "De ôfrûne twa jier gie it prima"

It asylsikerssintrum yn Balk giet mooglik wer iepen. It COA, it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers, hat de gemeente De Fryske Marren hifke om de doarren fan it sintrum wer te iepenjen.
It azc yn Balk wurdt de kommende moannen sloopt © Omrop Fryslân
"Fan 'e moarn om 11.00 oere krige we formeel in fersyk. It COA wol mei ús sjen nei de mooglikheden ta weriepening", fertelt boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren.

"Allegearre hiel goed gien"

Veenstra is op himsels net tsjin. "De ôfrûne twa jier is it prima gien. Der wienen kontakten oer en wer. Minsken út it doarp en de omjouwing kamen yn de kunde mei de asylsikers, mei har gewoanten en har kultuer. Der wiene eveneminten en festiviteiten, dat is allegearre hiel goed gien. Ofrûne simmer ha we mei in muzykfestival ôfskied nommen."
Yn septimber 2016 kamen de earste flechtlingen nei it sintrum yn Balk. Der wie plak foar sa'n fiifhûndert minsken. Ein maart dit jier waard dúdlik dat it azc yn Balk definityf tichtgean soe; dat barde offisjeel op 1 oktober, 2,5 wike lyn. In pear dagen derfoar waard ek in tinkstien ûntbleate.
Oanlieding foar in eventuele weriepening is it groeiend tal minsken dat yn Nederlân asyl oanfreget. "Achterôf sjoen hie it azc hjir miskien better iepen bliuwe kind, mar dit is it belied", fertelt Veenstra. "Begjin dit jier wie de ynstream fan asylsikers foars minder. No is der wer in gruttere ynstream. Sa sjochst hoe grillich oft de wrâldpolityk is."

Grillige wrâldpolityk

Wannear wurdt it beslút nommen? "We besykje earst om op sa koart mooglike termyn in ôfspraak te meitsjen. Dan hearre we wat presys de fraach is: hoefolle asylsikers, hoe lang, dat soarte dingen. Dêrnei sjogge we hoe't we dat ynhâldlik en prosedureel yn goede banen liede kinne."
Boargemaster Fred Veenstra oer de fraach fan it COA