Skoalbern spylje in opera mei stiennen en glêzen wetter

Skoalbern fan de Michaëlskoalle yn Ljouwert binne de hiele wike drok oan it oefenjen foar de berne-opera Kirana. Se dogge dat mei teätermakker Ruben Zahra, dy't spesjaal oerflein is út Malta. Dit Kulturele Haadstêdprojekt is in gearwurking mei de oare Kulturele Haadstêd dit jier: Valletta op Malta.
Kirana: berne-opera LF2018
Muzyk meitsje mei plestik buizen, glêzen wetter en stiennen. Op alle soarten fan wûnderlike wizen wurdt der troch de bern út de heechste klasse fan de Michaëlskoalle oefene. Der wurdt ek songen en dûnse.
Zahra reizget hiel Europa troch mei dit projekt. Hy hat ûnder oare al yn Italië, Denemarken en Syprus west om ditselde projekt te dwaan. "De bern binne oeral oars, hjirtroch is de foarstelling dus ek altyd oars", sa fertelt Ruben yn it Ingelsk.
Skoalbern fan de Michaëlskoalle oefenje foar Kirana © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
De bern trede freed op mei de opera yn De Harmonie yn Ljouwert. Takom wike reizget Ruben Zahra troch nei Snits. Dan docht hy itselde mei de bern fan de musicaloplieding Must. Sy trede tongersdei 25 oktober op yn Theater Sneek.