Cambuur op jacht nei oerwinning op Helmond Sport

18 okt 2018 - 13:51

Cambuur giet freed op jacht nei in oerwinning op Helmond Sport. Nei trije ferliespartijen wolle de Ljouwerters foar eigen publyk de trije punten pakke.

SC Cambuur - Helmond Sport - Foto: Omrop Fryslân

Trainer René Hake is realistysk oer de situaasje by Cambuur: "We zitten in een mindere fase. De schouders moeten eronder. Met noeste arbeid moet het gebeuren. Het komt nu op knokken aan. Het gaat om overleven. Dat is iets wat wij nog moeten leren. Tegen Sparta hebben we te weinig gedaan."

De Cambuurseleksje hat fan 'e wike del west by de kazerne yn Havelte. Dat stie al lang op de planning, mar kaam nei it ferlies tsjin Sparta net ûngelegen. Hake: "Ze leren op zo'n dag fysieke en mentale grenzen te verleggen en er staan even andere mensen voor de groep. Er zitten in zo'n dag veel facetten die je goed kunt gebruiken."

Helmond Sport is de iennige klup yn it betelle fuotbal dy't noch net wûn hat. De Brabanners spilen fiif kear lyk yn dit seizoen en stean op it foarlêste plak yn de kompetysje. Mar Cambuur wit as gjin oar dat soks gjin garânsje foar sukses is.

De Ljouwerters ferlearen in pear wike ferlyn fan FC Dordrecht dat doe ek noch mar ien punt hie. Hake: "Helmond Sport is een ploeg die goed in de omschakeling is, met twee heel goede spitsen. Maar wij willen de wedstrijd uiteraard naar ons toe trekken."

By Cambuur binne Van Deelen (knibbel) en Schindler (ribben) blessearre. Ek David Sambissa kin in pear wiken net spylje. It docht bliken dat hy yn de wedstriid tsjin Sparta in breuk yn de ûnderearm oprûn hat. De Frânsman is fan 'e wike operearre. Yn de earm is in plaatsje set.

Opstelling Cambuur: Mous; El Baad, Schilder, Mbende, Van Wermeskerken; Ciganiks, Boerlage, Conraad, Mathieu; Robertha, Van Kippersluis.

Trefwurden: 
Ljouwert SC Cambuur fuotbal
(advertinsje)