Binne wenten fan boargemasters wol goed befeilige?

18 okt 2018 - 13:35

Binne de wenningen fan de boargemasters wol goed befeilige? Om antwurd op dy fraach te krijen, wurde boargemasterswenten ûndersocht. Oanlieding fan it ûndersyk is it grutte tal bedrigings oan it adres fan boargemasters. It wie sels sa slim dat de boargemaster fan Haarlem ûnderdûke moast.

Foto: ANP

Yn Noard-Nederlân falt it oant no ta wol ta mei de bedrigings. Dat seit boargemaster Bert Wassink fan Skylge, foarsitter fan de kring fan Fryske boargemasters. It hûs dêr't er sels wennet is frij nij. Hy tinkt dat dat op himsels wol reedlik befeilige is.

Sa'n ûndersyk nei de feiligens ('scan') is wol nedich, seit er, want de boargemasters krije in hieltyd gruttere rol yn de bestriding fan kriminaliteit. "Wij willen allemaal dat de burgemeesters gaan doorpakken. Dit is de andere kant van de medaille. Ook op het platteland van Fryslân worden hennepkwekerijen opgerold."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma praat mei boargemaster Wassink oer befeiliging

(advertinsje)