Learlingen Friesland College naaie tassen foar flechtlingen

18 okt 2018 - 13:11

Alle naaimasinen fan de moade-oplieding fan it Friesland College draaie tongersdei en freed op folle toeren foar it goede doel. De learlingen meitsje tassen foar flechtlingen op Lesbos, yn Sarajevo en yn Duinkerken.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

De tassen binne bedoeld om waarme jassen yn op te bergjen. Fan dy jassen kinne flechtlingen yn ien hânomdraai wettertichte sliepsekken meitsje. Dy jassen wiene der al, mar de tassen noch net. Dêr soargje tsien ROC's foar, ien dêrfan is dus it Friesland College.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Ferslachjouwer Willem de Vries wie by it naaien fan de tassen foar flechtlingen

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert seach tongersdei ek even by de learlingen, mar hie noch net achter de naaimasine sitten. "Tassen maken is niet mijn sterkste kant. Ik zei tegen iemand 'wat knap' en toen zei zij 'nee hoor, dat kunt u ook zo leren'. Dus wie weet."

(advertinsje)