Soad stipe foar Feanster stel dat ûnbewenber ferklearre hûs út moast

18 okt 2018 - 12:21

Der komme in soad reaksjes binnen fan minsken dy't Michael en Marjolein Weiler fan It Hearrenfean helpe wolle. It stel hat in hûs kocht, wêrfan't no bliken docht dat it in boufal is. Om't it hûs op ynstoarten stiet, meie sy der net langer yn wenje. Fia de gemeente is tydlike opfang regele. Ek is it stel in stacaravan oanbean.

Foto: CAMJO Media

Feanster muzikanten wolle in benefytkonsert hâlde, om jild yn te sammeljen. In juridysk adviseur hat him melden, om de Weilers by te stean. Koart nei't se it hûs oan Het Meer kocht hiene, die bliken dat der yn it ferline brân west hat yn de wenning. Dy spoaren wiene fuortstoppe en der is it stel by de keap neat oer ferteld.

De ferkeaper, de fersekering en de bank hawwe de hannen fan de saak ôflutsen, wêrtroch't de Weilers neat mear ha. Riedsleden Alette de Jong fan it FNP en Dimph van Ruth fan de SP hawwe har it lot fan it stel oanlutsen en stypje dêr't se mar kinne. De riedsleden binne bliid mei alle stipe dy't der no binnenkomt.

(advertinsje)