Nije tentoanstelling natuermuseum ticht fanwege liftproblemen

18 okt 2018 - 12:04

De nije útstalling OnderWaterSafari fan Natuurmuseum Fryslân is foarearst ticht. Dat meldt it musuem op de eigen webside. De eksposysje is sûnt in pear wiken iepen. Der binne problemen mei de lift. Dy skokt hiel bot en jout in eangstich gefoel by de minsken dy't yn de lift binne.

Foto: Natuurmuseum Fryslân

Direkteur Ton van Slooten fan it Natuurmuseum

Direkteur Ton van Slooten fan it museum fynt dat de besikers op in goede manier ûnder komme kinne moatte en dat is no net it gefal. Trije dagen is der besocht de lift te meitsjen, mar sûnder resultaat.

It museum besiket de problemen sagau mooglik nei de hjerstfakânsje oplost te hawwen. Earder slagget net. De útstalling is dus net tagonklik, mar de rest fan it museum wol. De ûnderwettersafary-eksposysje hie in publykslûker wurde moatten.

(advertinsje)