Hearrenfean giet yn berop tsjin gaswinning Langsweagen

18 okt 2018 - 11:42

Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Hearrenfean besykje noch hieltyd om de gaswinning by Langsweagen te kearen. De gemeente is yn berop gien tsjin it beslút fan de minister om gaswinbedriuw Vermilion tastimming te jaan foar it winnen fan gas yn de fjilden Langsweagen 02 en 03.

It wingebiet by Langsweagen - Foto: Omrop Fryslân

De gemeente hie earder al frege om de gaswinning stil te lizzen en oanjûn it net iens te wêzen mei it ynlûken fan in oan Vermilion opleine twangsom. It Staatstoezicht op de Mijnen oardielde dat dy beswieren net langer relevant binne. It kolleezje sjocht it nije beswier as juste wize om te besykjen de gaswinning dochs noch te kearen.

(advertinsje)