Ried De Fryske Marren hoeden oer útjaan 2,5 miljoen euro oan projekten

Mei besunigingen fan 3 miljoen euro yn it foarútsjoch is de gemeenteried fan De Fryske Marren suver wat skruten as it giet om it útjaan fan 2,5 miljoen euro oan 36 projekten. Dat die woansdeitejûn bliken op in gearkomste fan alle riedskommisjes.
It gemeentehûs fan De Fryske Marren © Omrop Fryslân, Joris Kalma
By de projekten giet it ûnder oare om it opknappen fan diken, it pleatsen fan in keunstwurk en it oplossen fan de problemen fan Bakhuzen mei it swiere ferkear troch it doarp. Ferskate partijen, wêrûnder ek kolleezjepartijen CDA en FNP, binne benaud dat sy takom jier in oantal fan dy útjeften wer skrasse moatte. Dan moat nammentlik besletten wurde hoe't de gemeente krekt dy 3 miljoen euro besunigje moat.
"Hoe betrouber binne je dan as oerheid", frege CDA-riedslid Roel Roelevink him ôf. VVD-wethâlder Jos Boerland sei lykwols: "We hebben er rekening mee gehouden dat we nog 3 miljoen euro moeten bezuinigen." Oan in diskusje oer it ûntstean fan it tekoart fan 3 miljoen euro kaam de ried net ta. It rapport dêroer wurdt op 31 oktober besprutsen.