Tal WW-útkearingen yn Fryslân is sakke troch mear wurk yn de bou

18 okt 2018 - 10:54

It tal WW-útkearingen yn Fryslân is yn septimber omleechgien nei in lytse 11.000. Dat is 3,2 prosint fan de beropsbefolking. Op jierbasis naam it tal útkearingen ôf mei 25 prosint en dat is heger as it lanlike sifer (22 prosint). Dat komt benammen omdat der in soad banen by kaam binne yn de bou. It giet dan om skilders, metaalspuiters, timmerlju en bou-arbeiders. Dat meldt it UWV.

Wurk sykje op Werkplein UWV - Foto: ANP

Gearwurkingsferbân Werk in Zicht fan de gemeenten hâldt op 31 oktober in 'Werkfestival'op it terrein fan de Suikerunie yn Grins. Op de grutste banemerk fan it Noarden wurde 10.000 baansykjenden ferwachte.

(advertinsje)