UPDATE: Frachtauto nei botsing mei fytser fûn, plysje yn petear mei sjauffeur

De plysje hat de frachtwein dy't belutsen west hat by de oanriding op It Hearrenfean fûn. Hy is fûn troch de basiseinheid Oost, dus yn de provinsje Oerisel of Gelderlân. De plysje is mei de sjauffeur yn petear oer de oanriding.
Plysje siket frachtauto dy't trochriden is nei oanriding mei fyts
De frachtauto waard socht fanwege in oanriding mei in fytsende frou, tongersdeitemoarn. It ûngelok barde op de Oranje Nassauleane op It Hearrenfean. De frou is nei alle gedachten in pear meter meisleept. Se is mei ferwûnings nei it sikehûs brocht. Dêrnei is de frachtauto trochriden. Mooglik hat de sjauffeur net witten fan de oanriding.
Der wie tongersdeitemoarn noch in ûngelok op It Hearrenfean. By de ôfslach fan de A32 nei it sintrum binne twa auto's opinoar botst. It is noch net bekend oft der minsken ferwûne rekke binne.
© Camjo Media