Kollum: "Nei it sin"

18 okt 2018 - 07:22

"Ik wie fan 'e wike yn in kafee. Dat bart wolris faker, mar dit wie in kafee dat bekend stiet as in Dútsk kafee. Wêrom't dat is, útsein dat it de namme Brecht hat, wit ik net. Ik wie dêr mei in pear freonen en doe't ik in Ginger Ale bestelde, sei de barman: Dy meitsje we sels. Der kaam gimberlimonade op 'e bar, it glês waard fol smiten mei iisklontsjes en der kaam in fleske mineraalwetter by. Ik fûn it nochal in poppekast, foaral doe't ik it drankje úteinlik preau, blykte it foaral swiet te wêzen en net echt bysûnder. "We maken hier alles zelf", sei de barman, wylst ik op de kaart neist my op 'e bar in fabryksbiermerk stean seach.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Ik siet letter mei de rêch nei de bar te praten, doe't in freon fan my nei de barman stapte om wer wat te bestellen. Dy frege mei in lûde stim "Hebben jullie het naar de zin?". Dat is in fraach dêr't je hast net oars as 'ja' op antwurdzje kinne, om't yn it gefal dat it net sa is, je nei alle gedachten gjin sin hawwe om dit te bepraten mei in barman dy't lûd praat. Dus der waard 'ja' sein, wêrop de like lûde stim sei "Mooi zo!".

Yn myn holle wiene der hjirnei twa opsjes. De earste wie dat de barman Tom Cruise wie, en de twadde wie dat de barman oer inkelde sekonden wyld om him hinne begûn te sjitten. Twa saken dy't inoar trouwens ek net útslute. Ik ferwachte dit ekspressive en lûde gedrach yn alle gefallen net by in barman fan in Dútske bar. In Amerikaanske bar miskien, mar godsijtank bestiet soks net yn Nederlân. Of no ja, miskien oan it Leidse- of Rembrandtplein yn Amsterdam, mar dêr hoege wy net hinne.

It like my gjin natuerlik gedrach. It is dizze barman wierskynlik oanleard op in barmankursus, of oars hat er it oppikt op ynstruksjefilmkes op YouTube of sa, of fan Tom Cruise. It is in licht agressive manier fan 'leuk', en in fielt fake. Feitlik hie ik it dêr nei it sin, krekt oant it momint dat de barman frege oft we it nei it sin hiene. It yrritearre my miskien dat de opsje presintearre waard dat we dêr tsjin it sin sieten, wat net sa wie, útsein dat de Ginger Ale better út in fleske komme kinnen hie, of it yrritearre my dat we konfrontearre waarden mei in soarte fan barmanmarketingpraatsje.

Ik lies de dei dêrnei in stik fan in keunstner oer amateurisme. Se sei dat se de keunstakademy dien hie en nei alle gallerys gie en alles oer keunst lies, yn it ferline. Mar der radikaal mei ophâlden wie, om't se allinnich noch mar metoadysk nei keunst sjen koe. Dat woe se net, se woe it fiele. Oer muzyk sei se: "Ik probearje in amateur te bliuwen, sadat ik der noch altyd fan genietsje kin, en net in professional en analytysk te wurden."

Yngewikkeld. Want ik bewûnderje profesjonalisme oer it algemien. Ik hâld derfan dat minsken witte wat se dogge, en dat se ymprovisearje, dat it dan altyd giet op basis fan kennis, sadat de útkomst dochs it bêste wurdt dat mooglik is. Mar ik fiel ek wol wat dizze keunstner seit: Ast tefolle analysearrest, rekkest it gefoel kwyt.

En se beskriuwt dêrmei eat dat ik om my hinne mear tink te sjen. Der binne YouTubers populêr, dy't net de profesjonele skills hawwe fan telefyzjemakkers, podcasters dy't gjin radiomakkers binne, bloggers dy't gjin kranteskriuwers binne. De foarm fan it boadskip is faak net heal sa profesjoneel as mooglik, mar we fiele de yntegriteit fan de ôfstjoerder: in amateur, mar oprjocht.

De barman haw ik it net frege, mar ik krige sterk it gefoel dat hy eksakt sei wat in profesjonele barman sizze moat, sadat syn klanten langer hingjen bliuwe en werom komme. Mar ik leau it net. Sa't Tom Cruise en syn fellow Americans elkenien by it minste of geringste "Have a nice day" tawinskje. Der sit gjin kwea yn en meastentiids is in nice day ek wol aardich om te hawwen, dus it boadskip is goed, mar ik leau de ôfstjoerder net.

Of sit ik no profesjoneel in mooglik aardich petear kapot te analysearjen.

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)