Iepen dei yn opknapt histoarysk dykshúske op Flylân

It dykshúske by museum Tromp's Huys op Flylân, it earder wenplak fan de Noarske keunstneres Betzy Akersloot-Berg, is de ôfrûne tiid hielendal opknapt. De âlde sfear is werom yn it húske út de sechstjinde iuw. Om dat oan belangstellenden sjen te litten wurdt tongersdeitemiddei in iepen dei organisearre.
© Google Streetview
De Vereniging Hendrick de Keyser en Museum Tromp's Huys fersoargje de iepen dei yn it húske. As oantinken oan de restauraasje ferskynt ek in boekwurk oer de skiednis en de bewenners fan it âldste hûs fan Flylân, dat krekt nei 1575 boud is.
It dykshúske sil yn de oankommende jierren ferhierd wurde oan toeristen en keunstners.

Betzy Akersloot-Berg

De fan oarsprong Noarske keunstneres Betzy Akersloot-Berg kaam oan de ein fan de njoggentjinde iuw nei it eilân. Sy kocht dêr tegearre mei har man de wenning. Ut har atelier koe de keunstneres sa oer de dyk it Waad op sjen. Yn 1922 ferstoar Akersloot-Berg yn it hûs.
Peter Schalk, direkteur fan museum Tromp's Huys oer it Betzy Akersloot-húske