Emoasjes ynwenners Wielenpôlle rinne heech op yn Ljouwerter riedseal

17 okt 2018 - 22:56

It eksperimint Big Society, wêrby't de ynwenners fan ferskate buerten yn Ljouwert in buertteam hiene, krijt gjin subsydzje mear fan de gemeente. De ynwenners binne lilk en de relaasje mei de gemeente is fersteurd. FNP en Lijst058 nûgen de ynwenners woansdeitejûn út om harren ferhaal te dwaan. De emoasjes rûnen heech op. "We hebben de gemeente niet nodig, wij beginnen een eigen WijkBV", sei ynwenner Rinus Pel fan de Wielenpôlle.

De Wielenpôlle yn Ljouwert - Foto: Google Streetview

Bewenners fan de Wielenpôlle yn Ljouwert

Yn de perioade fan 2013 oant en mei 2015 fûn it wykeksperimint Big Society plak yn fiif Ljouwerter wiken. It eksperimint draaide om wykûndernimmerskip en gie sels troch mei gemeentlike finansiering yn de wiken Schepenbuurt en Wielenpôlle oant en mei 2017.

It projekt is no ôfsletten en der is gjin finansiering mear foar opnommen yn de begrutting fan 2018. De bewenners fan de wiken binne dêr lilk oer. Der is in soad emoasje by de fjouwer sprekkers dy't harren wurd dwaan meie út namme fan de wiken. "Wij gaan zelfstandig door, we hebben de gemeente niet nodig. De gemeente moet ophouden met manipuleren en ons aan het lijntje houden", seit ien fan de ynwenners fan de wyk.

De bewenners wolle in WijkBV oprjochtsje, wêrby't se gjin bemuoienis mear ha fan de gemeente. It moat in selsfoarsjennend buertteam wurde, krekt sa as it wie. Yn de buertteams waarden minsken oplaat en krigen se in betelle baan.

Jan-Willem Tuininga fan de FNP

Jan-Willem Tuininga fan de FNP siket noch in iepening by de buertbewenners om gear te wurkjen mei de gemeente. "As der wer in buertteam komme kin, dêr't minsken oplaat wurde, iepen deroer prate en net achter sletten doarren, soene jim dêr dan foar iepen stean?", frege Tuininga. Pel antwurde mei twivel: "Misschien. In een aantal partijen hebben we vertrouwen, maar de rest niet. Wij hebben jarenlang geknokt, nou knokken zij maar eens."

De FNP en Lijst058 binne bekend mei de ferhalen út de wiken, mar binne dochs skrokken fan de emoasjes by it petear. "We gean no in politike dialooch oan mei de wethâlder", seit Tuininga. Dy sil op syn betiidst yn de twadde helte fan novimber plak fine.

(advertinsje)