Keunstners yn Ljouwert: "Sjoch klimaatferoaring as in aventoer"

"Sjoch klimaatferoaring as in aventoer en besykje fierder foarút te sjen as in beliedsperioade." Dat is it boadskip fan in brief dy't in groep keunstners fan de Artistieke Klimaattop woansdeitejûn yn Ljouwert oerlange oan Ed Nijpels, foarsitter fan it Klimaatberaad. Dy organisaasje besiket ta in nasjonaal klimaatakkoart te kommen.
© ANP
De brief wie it resultaat fan de Artistieke Klimaattop ôfrûne sneon yn Ljouwert. Keunstners en kreativelingen kamen dêr byinoar om te sjen hoe't der op kreative wize omgien wurde kin mei saken as klimaatferoaring.

Debatjûn

Ed Nijpels, âld-kommissaris fan de keninginne yn Fryslân, krige de brief woansdeitejûn oerlange yn Ljouwert op in debatjûn oer it klimaatakkoart.