Bysûndere klassike talinten op poadium IepenUP Live

17 okt 2018 - 22:11

Harp en opera yn ien stik, in gitaar út de 17e iuw en it lûd fan de wyn út in akkordeon. IepenUP Live brocht dit alles woansdeitejûn byinoar. Nei't de fjouwer klassike musisy allegear solo spile hienen, brochten sy folslein ymprovisearre mei-inoar in stik. In bysûndere kombinaasje dy't je net faak sjogge.

Foto: Omrop Fryslân

Yn gearwurking mei it Oranjewoud Festival kamen de grutste klassike talinten en performers op it poadium yn Ljouwert, om de oanwêzige besikers pikefel te besoargjen. Sa wist de fan oarsprong Oezbeekske Ekaterina Levental it publyk te reitsjen mei in pear sênes út har foarstelling 'De Grens'. In autobiografysk ferhaal oer it sykjen nei in nije identiteit wannear'tst as 16-jierrich famke yn in nij lân, yn in asylsikerssintrum, telâne komst.

Foto: Omrop Fryslân

Izhar Elias brocht in stik skreaun troch in komponist út it gefolch fan kening Lodewijk XIV, dat neffens him krekt sa klinkt as muzyk fan hjoeddeistige singer-songwriters. Fioelist Niek Baar wûn tal fan prizen, reizget de hiele wrâld oer en fertelde dat syn fioele in wearde hat fan in bedrach mei '6 nullen'.

Oleg Lysenko makke de meast bysûndere lûden mei syn akkordeon, yn passaazjes út it stik 'Vijf gezichten op het land van de Goelag Archipel' fan Victor Vlasov. Nei in steande ovaasje fan it publyk doarden de fjouwer it oan om ek noch mei-inoar in ymprovisearre stik te bringen.

(advertinsje)