Kuorballers Nederlân mei gemak nei heale finale nei winst op Tsjechië

De kuorballers fan Nederlân hawwe woansdeitejûn mei grut ferskil de kwartfinale op it Europeesk kampioenskip fan Tsjechië wûn. Yn sporthal It Kealledykje waard it 35-10 foar it team fan bûnscoach Wim Scholtmeijer. Nei it earste kwart fan tsien minuten wie it al dúdlik dat de grutte favoryt Nederlân it net dreech krije soe. Oan it twadde kwart koe mei in 9-2 foarsprong begûn wurde.
© Dijks Fotografie
Yn it twadde kwart waard it gat noch wat grutter. Under oanfiering fan in tûke Daan Preuninger (5 goals) en Esther Cordus (4 goals) wie it by it skoft 16-6. Erwin Zwart fan LDODK skoarde yn it earste bedriuw twa kear.
It ferset fan Tsjechië wie yn de twadde helte brutsen. Erwin Zwart skoarde noch twa kear en waard dêrnei nei de kant helle. Nederlân, mei no ek Marjolijn Kroon fan LDODK yn it fjild, rûn út nei 28-7.
Nederlân, kondisjoneel en technysk superieur, besocht it publyk yn it lêste kwart noch te fermeitsjen. Dat slagge net altyd. It frivoale spul hat wolris better west, mar de einstân sei genôch: 35-10 foar Nederlân.
Kuorballers Nederlân mei gemak nei heale finale nei winst op Tsjechië
Freedtejûn binne de heale finales fan it EK yn Sportstêd Hearrenfean. Om 18.15 oere spilet Dútslân tsjin Portugal en om 20.00 oere nimt Nederlân it op tsjin België. De seis eardere edysjes fan it Europeesk kampioenskip waarden allegearre wûn troch Nederlân.