COA siket ekstra plakken foar opfang asylsikers

17 okt 2018 - 21:05

It COA (Centraal Orgaan opvang Asielzoekers) siket op koarte termyn 5.000 ekstra plakken foar asylsikers. Dy binne nedich omdat de besteande plakken langer beset bliuwe as ferwachte waard.

It eardere AZC yn Balk - Foto: Omrop Fryslân

"Aan de ene kant heb je mensen die langer in de opvangcentra blijven omdat hun asielprocedure langer duurt dan was voorzien'', seit in wurdfierder fan it COA. "Aan de andere kant zijn er vergunninghouders die nog niet weg kunnen omdat ze nog geen huis hebben.''

It COA ûndersiket ûnder oare of it ek mooglik is om asylsikers tydlik ûnder te bringen yn sintra dy't koartlyn sletten binne. Oft dat ek jildt foar it sintrum yn Balk dat yn septimber tichtgie, is net dúdlik. Doel wie dat dat sintrum ûntmantele waard.

Yn Burgum wurdt op dit stuit in nij sintrum boud, dat ûnderdak biedt oan 150 asylsikers mear as it âlde sintrum út 2000.

(advertinsje)