Crispijn Ariëns huldige as maratonreedrider fan it jier

17 okt 2018 - 20:46

Reedrider Crispijn Ariëns fan Wolvegea is woansdeitejûn huldige as maratonreedrider fan it jier 2017-2018. Dat barde yn Rouveen, by de presintaasje fan reedrydteam Okay Fashion & Jeans. Hy krige de priis út hannen fan Willem Hut, manager maraton fan it nasjonale reedrydbûn.

Foto: www.orange-pictures.nl

De Wolvegeaster is al inkelde jierren ien fan de grutte nammen yn it maratonpeloton. "Het is een mooie prijs die ik zie als waardering voor alles wat ik afgelopen winter heb gedaan", sa seit Ariëns.

KPN Marathon Cup

Crispijn Ariëns docht takom snein mei oan de earste wedstriid fan de KPN Marathon Cup yn Amsterdam.

(advertinsje)