Rêders KNRM Harns oan de garnalen by helpaksje

Frijwilligers fan de KNRM yn Harns troffen it woansdei: se moasten in garnalekotter helpe. "Uiteraard konden onze vrijwilligers het niet laten de garnalen even te proeven, bedankt!", skriuwe se op Twitter.
De garnalekotter hie problemen en is nei de haven fan Harns sleept, dêr is er feilich oankaam. Neffens de KNRM yn Harns hawwe mear kotters de ôfrûne tiid problemen hân. Oft dy ek garnalen oan board hiene is net bekend.