FNP Waadhoeke hat noed oer boukosten multyfunksjonele akkommodaasjes

De FNP Waadhoeke makket him bot soargen oer de oprinnende boukosten foar multyfunksjonele akkommodaasjes. Yn in oantal doarpen yn Waadhoeke binne wurkgroepen dwaande mei it meitsjen fan bouplannen. Dy hawwe oanjûn dat it hieltyd dreger wurdt, no't de prizen yn de bou folle heger lizze as in pear jier lyn.
De FNP wol fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders ûnder oare witte fan watfoar prizen de gemeente by it meitsjen fan de plannen útgien is en oft it jild dat troch de âlde gemeenten reservearre is, noch wol tarikkend is. De FNP fynt it belangryk foar de leefberens yn de doarpen dat der multyfunksjonele akkommodaasjes komme.