Stipe ried Smellingerlân jout bewenners Gielfinkstrjitte yn Drachten moed

17 okt 2018 - 19:54

De stipe fan de gemeenteried fan Smellingerlân jout bewenners fan 34 karakteristike arbeiderswenten yn de Gielfinkstrjitte (Geelgorsstraat) en de Noarderdwersfeart yn Drachten wer nije moed. Wenningkorporaasje Accolade wol de ferâldere wenten slope en ferfange troch 41 folslein duorsume nijbouwenten, mar in grut part fan de bewenners is it dêr net mei iens. Sy wurde no moreel stipe troch de polityk fan Smellingerlân.

De flagge koe hjoed út yn de Gielfinkstrjitte - Foto: Omrop Fryslân

"As 31 riedsleden allegearre fine dat de huzen stean bliuwe moatte, kin Accolade net oars as renovearje", seit Rienk Wynstra, ien fan de aksjelieders fan de Gielfinkstrjitte. Wynstra hat woansdei de flagge út en hy hat der nei de riedsgearkomste ek 'in pear op kocht'. Accolade sil no opnij yn petear mei de gemeente Smellingerlân en mei alle hierders fan de 34 wenten, fertelt direkteur Rein Swart. "De mening van de bewoners is voor ons zeer belangrijk, want het gaat om hun thuis."

Neffens de regels kin Accolade de sloopplannen allinnich trochsette as 70 persint fan de hierders hjir mei akkoart giet. Oant no ta hawwe allinnich de hierders fan fjouwer huzen mei de sloop ynstimd. Ien fan harren is Pytsje Booy. "Fan de foarkant sjocht it der miskien wol aardich út, mar de huzen binne net mear fan dizze tiid", seit sy. "Ik bin dêrom foar sloop, mar ik wit dat de measten der oars oer tinke."

Direkteur Rein Swart fan Accolade

Frou Pultrum wennet al 'mear as 80 jier' yn de wyk en soe net mear ferhúzje wolle. "De minsken yn dizze buert tinke om inoar. As by ien de gerdinen in pear dagen ticht binne, dan sjogge we altyd even wat der is. Hjir sil net ien in pear wike dea yn hûs lizze." Frou Pultrum wol har buertgenoaten oproppe om 'hoek te hâlden' by de persoanlike petearen dy't Accolade mei alle bewenners fiere sil. "No't de ried achter ús stiet, moatte we ús prinsipjeel opstelle. Wa't omlizzen giet foar de druk fan Accolade is in flapdrol."

Saakje Pultrum wennet al hiel lang yn de Gielfinkstrjitte

Direkteur Swart fan Accolade leit út dat hy de opdracht hat om safolle mooglik hierwenten duorsum te meitsjen en ek fan it gas ôf te helpen. By de 34 wenningwet-wenten fan begjin foarige iuw wurdt dat wol in hiel kostbere operaasje. As in grutte mearderheid fan de bewenners tsjin de sloop is, moat Accolade op syk nei mooglike alternativen, mar renovaasje hat eins net syn foarkar. "Maar op dit moment sluit ik niets uit", seit Swart. "We zullen de tijd nemen voor een zorgvuldige procedure. De huizen staan er al honderd jaar, het komt nu niet aan op één of twee maanden."

Harkje nei bewenners fan de Gielfinkstrjitte

In part fan de bewenners is ek tige wiis mei it hûs fanwege de djippe tún oan de achterkant, doedestiids oanlein foar it ferbouwen fan ierappels en griente. Tseard de Haan brûkt dy tún foar it hâlden fan hûndert dowen. "Ek dat heart by in folksbuert", fynt De Haan. As De Haan by sloop en nijbou grûn ynleverje moat kin er net mear safolle dowen hâlde. "Dat soe skande wêze, want der sit tsientallen jierren wurk yn." De Haan is, lykas in soad buertgenoaten, fan betinken dat renovaasje de bêste oplossing is. "Ek âldere huzen kinne je best duorsum meitsje, byneed lis ik sels sinnepanielen op it dak."

(advertinsje)
(advertinsje)