LIVE: IepenUP goes classic

Klassike muzyk, dêr kinst hiel lang oer prate, mar better noch: nei harkje! Yn gearwurking mei it Oranjewoud festival presintearret IepenUP in klassike jûn. Folgje dat alles fan 20.00 oere ôf yn de livestream. Delkomme yn kafee De Backstage kin fansels ek.
IepenUP útstjoering

Te gast

Te gast binne tal fan toandichters, te begjinnen mei de Nederlânske Izhar Elias (1977). Hy spilet klassike gitaar, spesjalisearre yn de histoaryske útfieringspraktyk (barok en begjin 19de iuw), de keamermuzyk en hjoeddeiske muzyk. En dat kombinearre mei multimedia.

Akkordeonist Oleg Lysenko (Oekraïne, 1974) wie begjin dit jier al by ús yn de útstjoering oer Trump. Lysenko spesjalisearre him yn Argentynske tango op bayan en bandoneon. Earder wurke hy ûnder oaren gear mei skriuwer en byldzjend keunstner Armando, byldhouwer en tekener Koenraad Tinel en mei skriuwer Stefan Brijs.

De Rotterdamske fioelist Niek Baar (1991) studearre by prof. Stephan Picard oan de Hochschule für Musik 'Hanns Eisler' yn Berlyn. Yn july 2016 studearre hy ôf mei de heechst mooglike skoare. Yn desimber 2015 ûntfong Niek de Kersjesvioolbeurs yn it Concertgebouw, Amsterdam. Dy priis, mei it wearde fan 15.000 euro, wurdt alle jierren oan in jonge, talintfolle fioelist útrikt.

Harpist en operasjongeres Ekaterina Levental (Oezbekistan, 1977) en teätermakker Chris Koolmees doare te eksperimintearjen mei klassike muzyk. Sy makken bysûndere foarstellingen mei sjong, harpe, technyk en soundscapes.

It gedicht komt fan 'e jûn fan Ottelien Belzer.

IepenUP

Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, hokker subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.
Elkenien kin oanwaaien komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op de Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.