FIDEO: Joop Mulder jout nije 'Bosatlas van de Wadden' in 8,5

17 okt 2018 - 17:44

Hûnderten kaarten, yllustraasjes en foto's stean yn it nije boek de Bosatlas van de Wadden. Skylger Joop Mulder fan Sense of Place besprekt it boek dat tongersdei presintearre wurdt.

De bosatlas van de Wadden - Foto: Omrop Fryslân, Peter Ijkema

Der binne mei elkoar 31 boskatlassen. Fryslân hat der no twa: fan Fryslân en no dus ek fan it Waad.

Joop Mulder is entûsjast oer de útjefte. Hy jout it boek in 8,5. Hy fynt dat eb en floed der moai yn steane. De terpen en wierden komme deryn foar, mar ek de dialekten yn it gebiet. "Moet je zien hoeveel erfgoedmonumenten er zijn, waanzinnig veel. Wat moeten al die toeristen in Amsterdam, laat ze hier komen en lekker op de fiets stappen!"

Hy mist lykwols ek noch wol wat: de betsjutting fan minsken. En de atlas giet foar in grut part oer it Nederlânske Waad, net genôch oer de Dútske en Deense eilannen. En hy mist de krityske noat by de Ofslútdyk, dy't as ikoan fan wetterbehear sjoen wurdt. "Maar ze vergeten dat het een ecologisch ramp is, daardoor slibt de Waddenzee dicht."

De presintaasje fan it boek is tongersdei. It earste eksimplaar wurdt oanbean oan direkteur fan de Waadferiening, Lutz Jacobi.

(advertinsje)