Yn Fryslân binne dit jier minder huzen ferkocht

17 okt 2018 - 17:09

Ek yn Fryslân binne yn de earste njoggen moannen fan dit jier flink minder hûzen ferkocht as yn deselde perioade fan ferline jier, al is de delgong wol folle minder as it lanlik gemiddelde. Dat docht bliken út sifers fan it Kadaster.

Keapwenningen - Foto: Omrop Fryslân

De delgong is yn Fryslân 5,1 persint. Yn de Rânestêd is dat wol 10 persint. De delgong is net ferrassend, want 2017 wie krekt in topjier foar de wenningmerk.

Opfallend binne de grutte ferskillen yn it Noarden. Yn Grinslân is gjin sprake fan in delgong, mar in hiele lytse groei, Drinte sit der wat tuskenyn.

(advertinsje)