Van Hall Larenstein en Nordwin iepenje nij sintrum 'Food technology'

Van Hall Larenstein en Nordwin iepenje nij sintrum 'Food technology'
Fryslân is in nij ynnovatyf ûndersykssintrum riker. It FACT, Food Application Centre for Technology fan it Van Hall Larenstein en it Nordwin college. It sintrum yn Ljouwert is bedoeld foar studinten Food technology op mbo- en hbo-nivo.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
It is bedoeld as moetingsplak foar nij personiel yn it 'food'-bedriuwslibben. Der stiet moderne apparatuer en it is in goed plak om te netwurkjen mei gearwurkingspartners.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
It FACT is mei finansearre troch de provinsje omdat it foldocht oan de provinsjale doelstellingen om ûndernimmerskip yn ús provinsje te stimulearjen, mar ek om wurkgelegenheid te kreëarjen. De suvelyndustry is neffens de provinsje dêr in wichtige skeakel yn. Oant no ta hat de provinsje in lytse 2 en in heal miljoen euro oan stipe jun oan it projekt.
Ek bedriuwen út de foodyndustry ha meibetelle oan it sintrum dat fiif miljoen euro koste hat.
Simone Scheffer wie by de iepening
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer