Alwer in sportpoppe: Brent Bergsma is berne

"Super blij en trots zijn wij op dit kereltje", mei dy meidieling makket reedrider Jorrit Bergsma woansdei bekend dat er heit wurden is.
© Instagram, Jorrit Bergsma
Jorrit Bergsma oer poppe Brent
Syn frou Heather Bergsma krige tiisdei in soan, dy't it stel Brent neamt. Op sosjale media dielt Jorrit de earste foto's fan Brent. "Moeder en zoon maken het goed", sa lit er witte.
Turner Epke Zonderland en syn frou Linda binne ôfrûne sneon heit en mem wurden fan in soan. It jonkje hat de namme Bert Eize krigen. Ek reedrider Douwe de Vries en syn partner Yanna krigen in jonkje: Melle.