Ynsidint sette faasje efter restauraasje brêge Eazumasyl

17 okt 2018 - 16:45

Der hie in ûngelok barre kinnen by de brêge fan Eazumasyl dizze simmer. Dat waard woansdei dúdlik by de reparaasje fan de monumintale brêge. Troch de drûchte dizze simmer wienen der problemen.

"Der sit in kontragewicht boppe-yn de brêge. It brêgedek hâldt de brêge dan yn lykwicht as dy iepen giet. Troch it waarme waar en it temin oan delslach wie it brêgedek útdrûge en folle minder swier wurden, wylst it kontragewicht swierder wie," seit Gerrit Bouma fan Stichting Waterschapserfgoed.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Der hie in slim ûngelok gebeure kinnen, want der stienen minsken te wachtsjen by de brêge. "By it iependraaien fan de brêge gie hy oer it kantelpunt hinne. De brêgewipper koe it net mear hâlde en de brêge klapte iepen", wit Bouma. "Dat gie allegearre krekt goed, gelokkich.

"Der is dêrop sa gau as mooglik aksje ûndernaam om mear faasje te setten efter de plannen foar in restauraasje fan de 117 jier âlde brêge. Dy bringt minsken op de Esonbuorren oer de Suderie dy't útkomt yn de Lauwersmar.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Mannen van Staal is woansdei úteinset mei it fuortheljen fan de brêge. Dy wurdt de hiele winter opknapt. Takom maaitiid moat de brêge wer klear wêze.

(advertinsje)