Koart pleit bringt lieding Omrop net tichter by elkoar

In slim fersteurde arbeidsferhâlding tusken direksje en haadredaksje fan Omrop Fryslân wie de oanlieding fan in koart pleit woansdeitemiddei foar de Ljouwerter rjochtbank. Klaas Geert Bakker, dy't sûnt septimber skorst is as haadredakteur, hie it koart pleit oanspand. Hy fynt net dat der sprake is fan in fersteurde arbeidsrelaasje en wol wer oan it wurk. Mar ynterim-direkteur Nina Hiddema seit dat har fertrouwen yn de haadredakteur dêrfoar te bot skeind is. Sy wol dat de arbeidsoerienkomst mei Bakker sa gau mooglik beëinige wurdt.
It gebou fan Omrop Fryslân yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Oanlieding foar de skorsing fan Bakker wie de live-útstjoering fan Omrop Fryslân op telefyzje fan de Reuzen fan Royal de Luxe op 17 augustus. De Omrop soe te lang bylden fan de Reuzen op telefyzje toand hawwe. Dat wie neffens LF2018 net neffens de ôfspraken. Royal de Luxe drige net op te treden as de útstjoering trochgean soe.
De Omrop hat dêrmei neffens Hiddema in enoarm finansjeel risiko rûn. Sy nimt it Bakker kwea ôf dat hy har op dat momint net op 'e hichte brocht oer de saak, wylst sy as direkteur wol einferantwurdlik wie. Bakker seit dat de ôfspraken fan de Omrop mei LF2018 wol goed makke binne, mar dat it om in misferstân yn de kommunikaasje giet. De saak mei de Reuzen wie de drip foar Hiddema, seit har advokaat. Der is in fertrouwensbreuk ûntstien.

Bedriuwskultuer

De rest fan de rjochtsaak gie oer de bedriuwskultuer binnen de Omrop. Beide partijen erkenne dat der problemen binne, mar se binne it net iens oer de oanpak. Neffens Hiddema binne de problemen grutter as dat Bakker foarkomme lit. Neffens har wurdt der troch Bakker hieltyd sein dat de problemen troch in lyts groepke feroarsake wurde. Dat driuwt meiwurkers útinoar yn stee fan dat it se byinoar bringt, seit Hiddema.
De advokaat fan Bakker seit dat direkteur en haadredakteur wol praat hawwe oer de problemen binnen de Omrop, mar dat se noch net besletten hawwe hoe't se dy tegearre oplosse sille. As der al sprake wêze soe fan in fersteurde wurkrelaasje tusken direkteur en haadredakteur, binne der neffens Bakker noch gjin 'herstelpogingen' besocht. Dêrom wol hy sa gau mooglik wer werom yn syn funksje.
It koart pleit brocht de partijen net tichter byinoar. De rjochter sinjalearre dat de stânpunten fier útinoar lizze. De útspraak is oer trije wike, op 7 novimber.