FNP hat noed oer fertutearze hûs dêr't Waling Dykstra earder wenne

17 okt 2018 - 15:29

De FNP yn Provinsjale Steaten stelt skriftlike fragen oer it eardere húske fan de Fryske skriuwer Waling Dykstra yn Holwert. De lytse wenning stiet al in hiel skoft te keap en fertutearzet hieltyd mear.

Foto: Syds Wiersma

Ut de mienskip fan Holwert hawwe der al plannen west om it húske oan de Hegebuorren 8 te behâlden. Lykwols, der stiet in fraachpriis op fan hast 80.000 euro. Dat bedrach soe te heech wêze.

Fan Deputearre Steaten wol de FNP-fraksje witte hoe't de provinsje út kultureel eachpunt wei sjocht nei de wenning fan de yn 1914 ferstoarne skriuwer.

De fraksje freget him ek ôf oft de provinsje ek helpe kin om de ûnderhannelingen oer ferkeap út de ympasse te heljen.

Skriuwer en foardrager Waling Gerrits Dykstra waard yn 1821 berne yn Froubuorren. Hy moast it bakkersfak leare, om it bedriuw fan syn heit oer te nimmen, mar hy wie mear ynteressearre yn literatuer. Ferneamd waard hy tusken 1860 en 1885. Yn 'e winter wie hy hast alle jûnen earne yn de provinsje om foardrachten te jaan yn it Frysk. Yn 1914 ferstoar Waling Dykstra yn Holwert, op 92-jierrige leeftiid.

(advertinsje)