Senioarefestival yn Surhústerfean is grut sukses

17 okt 2018 - 14:47

500 Senioaren sjonge en musisearje dizze woansdei yn Surhústerfean op it 16e senioarefestival. Koaren en orkesten litte harren fan de bêste kant sjen op muzykmêd. Foar de âlderen is it festival in wichtich barren.

Foto: Durk Dam

Sjonge is miskien wol fan alle leeftiden, mar de measte festivals en konkoersen binne op jûntiid. Foar minsken op âldere leeftiid is dat in probleem sizze se. Dy wolle leaver net by tsjuster de dyk út. Dêrom waard 16 jier lyn it senioarefestival oprjochte en it is noch altyd in grut sukses. Der binne dizze edysje mear minsken as ea dy't meidogge.

It festival wurdt organisearre troch it MFO, de organisaasje foar muzykferieningen yn Fryslân. Fjirtjin koaren en orkesten dogge mei.

Simone Scheffer praat mei ferskate koarleden en organisator Durk Dam

Fan sjongen wurde je bliid, sizze de senioaren en je bliuwe der jong by. Ien fan de leden fan it Frysk senioarekoar, dat ek meidie, sjongt al har libben lang en wol it ek noch hiel lang folhâlde. Se is 96 jier en sjongt noch as in klyster.

Foar Omrop Fryslân song it koar in Afrikaansk ferske. Dat is hjirûnder te hearren.

In Afrikaansk ferske fan it Frysk senioarekoar

(advertinsje)