Sânsekken op it Amelanner strân moatte âlde boarput beskermje

Om de âlde boarput fan de NAM by peal trije oan de westkant fan It Amelân lizze sûnt begjin ferline wike grutte sânsekken. Dy sekken moatte de boarput beskermje tsjin de kommende stoarmen.
© Persbureau Ameland
De grûnplaat fan de âlde boarput leit sûnt de jannewarisstoarmen fan dit jier mei ien hoeke hast op it strân. Opdrachtjouwer foar de pleatsing is de NAM. Dêrfoar hat oerlis mei Rykswettersteat west. De 'big bags' mei sân binne in tydlike oplossing, seit de NAM.
Meikoarten wurdt dy noch oanpast en sterker makke. Sa wurdt de boppekant fan de grutte pûden mei sân tichtmakke.
De boarput ten noarden fan Hollum is yn de jierren '60 oanlein. Der is boarre, en gas fûn, mar de put is nea yn produksje naam, omdat it net út koe. Sûnt dy tiid leit der in grutte grûnplaat yn de dunen, mei in twa meter heech stek der omhinne.
© Persbureau Ameland
Soargen binne der oer de boarfloeistof dy't destiids brûkt is. In diel dêrfan is yn de dunen efterbleaun en ûnder it sân skood. De NAM seit lykwols dat dat plak net bedrige wurdt troch de see.
De sanearing fan de âlde boarput stiet al in skoftsje op de rol. De NAM hat de ferplichting om de âlde lokaasje werom te bringen yn oarspronklike steat. Wannear't dat barre sil, is noch net dúdlik.
Mei it pleatsen fan de sânsekken rint de NAM dêr op foarút. Dúdlik is wol dat it fuortheljen fan de boarlokaasje net mear foar it stoarmseizoen plakfine sil.