Is dé akteur foar de nije searje oer Grutte Pier fûn?

17 okt 2018 - 14:23

It is in ymminse syktocht, in hiele put, want wêr fynst in man dy't grutter as twa meter is en flinke spierbondels hat? En oja, hy moat ek noch goed aktearje kinne. Gadingmakkers koenen har oppenearje, mar de ynskriuwtermyn is no sletten. Dus oan Steven de Jong de fraach: is it slagge om Grutte Pier te finen?

Foto: Omrop Fryslân

"Der binne in lytse 200 oanmeldingen binnenkommen," fertelt regisseur Steven de Jong. "Dêrút wurde in stik of tsien selektearre, dêr't ik mei oan de gong sil. De lytste man is 1.93 meter en de grutste is 2.14 meter, ja it bestiet, " laket De Jong. Der is sels bûtenlânske belangstelling, der sit in Fin en in Noar by.

Strange easken

De easken wienen strang. "Der binne in pear by dy't echt breed, sterk en grut binne, mar dy't minder aktearje kinne. Dêr dogge se maklik oer, sa fan dat kin ik wol. Mar dat fertrou ik fansels net, dat wol ik ûndersykje. Der binne ek in pear profesjonele akteurs by en dy hingje no al oan de gewichten yn de sportskoalle fansels!"

Gek aventoer

Wannear't er de kar foar Grutte Pier makket, kin er noch net sizze. Syn stribjen is wol om dit jier al te begjinnen. "Ik sil no earst mei se oan de gong, kofjedrinke, prate oer de rol en wat sênes spylje. Se moatte ek meidwaan wolle oan dit gekke aventoer, dat geane we foar jierren oan. It is net even, mar wol acht jier lang. En ik helje grimeur Arjen van der Grijn der ek by foar in prúkje en in burd. Ien man hat bygelyks in keale kop, mar wol in goede útstrieling yn syn eagen, mar mei in keale holle bist noch gjin Grutte Pier."

Foto: Omrop Fryslân

Doel is om alle jierren in ôflevering te meitsjen fan 25 minuten. It measte sil yn Fryslân draaid wurde. De searje komt by Omrop Fryslân op telefyzje. "We fertelle it ferhaal fan de lêste tsien jier fan it libben fan Grutte Pier, dat sjogge we troch de eagen fan in lytse jonkje. Dat jonkje is myn eigen soan Rens fan trjie jier."

Muzyktema

De Jong syn fêste komponist, Ronald Schilperoort, wie sa entûsjast doe't er it ferhaal fan Grutte Pier hearde, dat er fuort al in tema makke hat. "Hy hat al myn films dien en wit gelyk de goede snaar te pakken."

Wolst ek noch meidwaan?

Foar figuranten kinne minsken har noch altyd oanmelde. "We ha in hiel soad minsken nedich, yn alle leeftiden."

Grutte Pier libbe tusken 1480 en 1520 en wie boer yn it doarp Kimswert. Yn dy tiid spile der in grutte boargeroarloch en Pier syn frou en bern waarden fermoarde. Hjirtroch gie er mei syn swurd en syn binde 'De Arumer Swarte Heap' de striid oan mei de besetter.

Oan Grutte Pier soene wy it sechje 'Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries' te tankjen ha. Neffens de ferhalen brûkte er dat, om derachter te kommen wa't in Fries wie en wa net.

Steven de Jong oer de syktocht nei Grutte Pier

(advertinsje)