Klasina Seinstra begjint nij frouljusreedrydteam

17 okt 2018 - 13:38

Klasina Seinstra begjint dit seizoen mei in nij reedrydteam. De maratonploech krijt de namme schaatsdames.nl en de bekendste maratonrydster is Manon Kamminga.

Foto: Martin de Jong

Seinstra is fansels gjin ûnbekende yn de reedrydwrâld. Se wûn yn 1997 de Alvestêdetocht. Dochs is it al wer alve jier lyn dat se op it iis stie. "De bern binne grut wurden en it kribelet wer. Ik ha der echt wer sin yn om mei in leuke ploech froulju oan de slach te gean. It maratonriden is dochs it moaiste dat der is."

Kamminga is miskien de frou mei de measte oerwinningen by it maratonriden yn dizze nije ploech, de opfallendste namme is Yvonne Nauta.

Se is foaral bekend fan it langebaanriden. Dêr waard se ûnder oare Nederlânsk kampioen reedriden, tredde op it WK allround en die se mei oan de Spelen fan 2014. Dy fan 2018 helle se net, omdat se yn de simmer fan 2017 har rjochterfoet op meardere plakken bruts. Se kaam ferline seizoen al wer werom, mar liet yn april alle skroeven út har foet helje.

"Dat wie wol nedich. No kin ik djipper sitte en better ride. Mar ik sjoch dit jier foaral as 'terugkomjaar'. It maratonriden kin my dêr by helpe. Al sil ik my foaral rjochtsje op de langebaan. Ik ha noch in A-status fan it NOC*NSF. By it Gewest Fryslân kin ik op de langebaan traine en mei schaatsdames.nl kin ik meters meitsje en foaral mei in leuke ploech ride."

Nauta ried ferline seizoen noch by Lotto Jumbo.

Manon Kamminga makke ferline jier bekend dat se mei topsport ophâldt. Dochs stiet se no wer op it iis. "Ik vind het gewoon leuk. Zolang ik dit leuk vind, met een mooie ploeg, wil ik marathonschaatsen blijven doen." In comeback by it langebaanriden sjocht se net sitten.

De kontakten kamen op in bysûndere wize ta stân. Se kocht in auto by in bedriuw op De Lemmer, by de man fan Klasina Seinstra. "Na vijf minuten had ik een auto gekocht, maar twee uur later zat ik er nog. We hadden echt een klik. Toen dacht ik: we gaan het doen."

De ploech bestiet út fiif froulju. Ek Merel Brunsmann fan Twellingea (suske fan shorttracker Jasper Brunsmann), Lieke Splinter en Anne Leltz binne rydsters fan schaatsdames.nl.

(advertinsje)