Fiif projekten binne nominearre foar de Vredeman de Vries Priis

Foar de Vredeman de Vries Priis foar arsjitektuer 2018 binne fiif projekten nominearre. De provinsje wol mei dizze priis de belangstelling foar arsjitektuer by in breed publyk fergrutsje.
De Blokhúspoarte yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De sjuery hat mei-inoar 40 ynstjoerings beoardiele. De nominearren binne:
De winner wurdt op sneon 17 novimber bekend makke yn Museum Belvédère yn Oranjewâld. De winner ûntfangt in bedrach fan 5.000 euro. De priis is foar sawol de ûntwerper as de opdrachtjouwer.

Hans Vredeman de Vries

De priis is nei Hans Vredeman de Vries ferneamd. Dizze arsjitekt, planolooch, tekener, keunstner is yn 1527 yn Ljouwert berne. Dêrneist stiet hy bekend as de grûnlizzer fan de 'Antwerpse Renaissancestijl'. Hy is yn 1607 stoarn yn Antwerpen.