Wat foar winsken ha jo foar 2028?

Wat binne jo winksen om jo wenplak, de regio of provinsje yn 2028 moaier te meitsjen? It is de fraach dy't de organisaasje fan LF2018 stelt oan alle Friezen. Yn it nijste projekt yn it ramt fan Kulturele Haadstêd wol de organisaasje witte wat foar winsken Friezen hawwe om Fryslân moaier te meitsjen oer tsien jier. Dêrfoar komme der rûnom yn de provinsje 77 grutte buorden te stean dêr't elkenien syn winsken opskriuwe kin.
© Omrop Fryslân, Karen Bies
It ein fan 2018 is yn sicht, mar it hâldt noch net op mei de kulturele projekten. De lêste moanne fan it Kulturele Haadstêdprogramma is gjin ein, mar in begjin, seit de organisaasje fan LF2018. Dy is drok dwaande mei in nij projekt foar de takomst mei dreamen en winsken fóar de takomst. En derby wurdt help frege fan de mienskip.

Yn 2028...

"Wy wolle de hiele provinsje belûke by dy stip op de hoarizon oer tsien jier", fertelt Immie Jonkman fan de organisaasje. "Wat binne jim winsken foar 2028? Boppe-oan elk boerd stiet 'Yn 2028...' Elkenien kin hjir syn ideeën delsette. Tink bygelyks oan de winsk dat dyn doarp folslein draait op griene enerzjy of dat der in galery yn dyn stêd komt. Winsken om dyn eigen regio better en moaier te meitsjen."

Doalhôf fan winsken

Keunstner Henk Hofstra is frege om in keunstwurk te meitsjen fan de 77 panielen. De buorden komme yn in soarte fan doalhôf op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert te stean. "It wurdt in hiel yndrukwekkend wurk", ferwachtet Immie. Op de achterkant fan de buorden komme foto's te stean fan de minsken dy't harren winsken opskreaun hawwe.

Wa is Henk Hofstra?

Keunstner Henk Hofstra is bekend fan de aaien op it Saailân yn Ljouwert en de reade mieren foar skouboarch De Lawei yn Drachten.
Immie Jonkman