Polityk wol aksje foar eigeners fan boufal op It Hearrenfean

17 okt 2018 - 12:39

Michael en Marjolein Weiler fan It Hearrenfean binne der hielendal mei oan. It hûs oan Het Meer, dat se krektlyn kocht hiene, blykt in boufal te wêzen. Moandeitejûn begûn it hûs te skodzjen en ûntstienen der skuorren yn de muorren.

"It is in hiel sneue sitewaasje, de minsken ha in kluswenning kocht, mar it docht bliken dat it om in kompleet útbrând hûs giet," seit FNP-riedslid Alette de Jong. "Ergens tusken 1962 en 1976 hat der brân west. Dêrby binne de houten konstruksjebalken swartblakere. Dat is fuortttimmere en by de ferkeap wie der neat fan werom te sjen."

De minsken ha in ferstanlike beheining, mar hienen har libben prima op de rit foardat se dit hûs kochten, neffens De Jong. Se kin net sizze oft der mooglik misbrûk makke is fan it pear yn dizze sitewaasje. "Yn it taksaasjerapport is net rept oer brânskea. Der moat útsocht wurde wêr't de ferantwurdlikheid leit, wa hat fan de skea witten?" It is De Jong net bekend oft der in boukundige keuring west hat.

Foto: CAMJO Media

De minsken steane op strjitte

"Der moat ien komme dy't juridysk helpe kin, pro deo, want se ha gjin jild mear. Dêrneist moatte praktyske saken regele wurde. De minsken steane op strjitte en ha inkeld wat klean meinimme kinnen." Foar kommende nacht is in sliepplak regele.

De Jong lûkt har it lot fan dizze minsken oan. "Neist riedslid bin ik ek boarger en fyn ik it myn plicht om minsken by te stean." As minsken ynformaasje oer de brân ha, of oare help oanbiede kinne, heart De Jong dat graach. De FNP lûkt yn dizze saak mei de SP op.

De gemeente hat woansdei noch oerlis oer de stân fan saken.

(advertinsje)
(advertinsje)