Wenningen It Hearrenfean ûntromme om brânende skooter

17 okt 2018 - 11:33

De brânwacht op It Hearrenfean is woansdeitemoarn yn aksje kaam foar in brân yn de Jan Mankesleane. It gie om in skooter yn in garaazjebox dy't yn de brân stie. Fanwege de reek waarden de wenningen boppe de garaazje ûntromme. De brânwacht hie de brân dêrnei gau ûnder kontrôle.

Brânwachtauto - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma
(advertinsje)