"De Gordyk is hielendal yn de ban fan it EK kuorbal"

17 okt 2018 - 11:02

Yn de supermerk, by de kapper en op strjitte; oeral yn De Gordyk giet it mar oer ien ding: it EK kuorbal. De Gordyk is ien fan de plakken dêr't de wedstriden fan it Europeesk kampioenskip spile wurde. "Elkenien is hjir hielendal yn de ban fan kuorbal", fertelt Gouke de Vries grutsk. Hy is foarsitter fan kuorbalklup LDODK en fernimt hoe bot de sport libbet yn it doarp.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Net allinnich op De Gordyk libbet it EK kuorbal. Ek yn omlizzende doarpen sette tal fan frijwilligers har yn om by te dragen oan it Europeesk kampioenskip. Sa sliepe der yn de sylskoalle op De Feanhoop ferskate bûtenlânske spilers út Kataloanië, Portugal, Skotlân en Frankryk. De sylskoalle is ek ien fan de sponsors fan kuorbalklup LDODK. Sadwaande is it plak regele foar de santich spilers fan de dizze lannen.

Grutsk

Neffens Gouke de Vries rint it EK kuorbal yntusken goed. Hy is grutsk op hoefolle frijwilligers meihelpe. De lokale bakker fan De Gordyk bakt bygelyks alle bôle foar de spilers.

Timo Jepkema sjocht op De Feanhoop

Moarnsbrochje

De seleksjes fan de fjouwer lannen ite op ferskate tiden. Fanwege de wedstriidtiden kin it bygelyks wêze dat de iene ploech om 06.00 oere past en in oar lân pas om 10.00 oere oan tafel skoot.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

It moarnsbrochje kin begjinne

Oranje yn de kwartfinale

It Nederlânsk kuorbalteam is de grutte favoryt foar de Europeeske titel. Woansdeitejûn spilet Oranje yn Ljouwert de kwartfinale tsjin Tsjechië.

It EK kuorbal fynt plak fan sneon 13 oktober oant snein 21 oktober. De wedstriden wurde spile yn Drachten, Ljouwert en op De Gordyk en It Hearrenfean.

Trefwurden: 
kuorbal De Gordyk LDODK EK
(advertinsje)