Kâns op DNA-ûndersyk romme grêf is lyts

07 nov 2011 - 16:12

De kâns dat de neibesteanden fan it romme grêf yn Warstiens in DNA-ûndersyk ôtdwinge kinne is hiel lyts.

De kâns dat de neibesteanden fan it romme grêf yn Warstiens in DNA-ûndersyk ôftwinge kinne is hiel lyts. Dat seit grêfrjocht-saakkundige mr. Willem van der Putten. Yn maaie waard op it hôf fan de Herfoarme Tsjerke it grêf fan it echtpear Hofstra romme. Dit barde by fersin. De stoflike rêsten waarden op in oar fjildsje begroeven.

De tsjerke herstelde de flater en makke in nij grêf, mar guon neibesteanden binne skeptysk en twivelje oft it wol om de rêsten fan pake en beppe Hofstra giet.

Trefwurden: 
grêf DNA-ûndersyk Warstiens
(advertinsje)