Nije besikerssintrum Skiermûntseach komt dochs yn it sintrum

Nettsjinsteande beswieren fan guon bewenners, is de gemeenteried fan Skiermûntseach unanym akkoart gien mei de bou fan it nije besikerssintrum yn it sintrum fan it doarp.
It gemeentehûs fan Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Neffens de beswiermakkers is it plak oan de Reewei te drok en soarget it foar gefaarlike situaasjes. De fraksjes fan Schiermonnikoogs Belang en Samen voor Schiermonnikoog ha ek soargen oer de ferkearsdrokte, mar it kolleezje hat oanjûn dat de gemeente maatregels treft om de ferkearsdrokte goed te regeljen.
De fraksjes hiene ek krityk op de kommunikaasje oer it projekt, dy hie better moatten om minsken mear te belûken.
Der is jierrenlang socht nei in plak foar it toeristyske besikerssintrum. Yn it hjoeddeistige besikerssintrum oan de Torenstreek komt nei alle gedachten in wenning.