Man moat brommer ynleverje by plysje

17 okt 2018 - 09:47

In 50-jierrige Ljouwerter is tiisdei oanhâlden om't syn brommer gjin kenteken hie. Ut ûndersyk die bliken dat de brommer útskreaun wie by de RDW en net fersekere wie. Boppedat hie de Ljouwerter gjin rydbewiis. Der is proses-ferbaal opmakke en de man moast syn brommer ynleverje by de plysje.

In scooterrider - Foto: ANP
Trefwurden: 
plysje Ljouwert
(advertinsje)