Ljouwerter bedriget stedsgenoat mei ketting
De plysje hat tiisdei in 28-jierrige Ljouwerter oanhâlden, nei't er op it Cambuursterpaad in 21-jierrige stedsgenoat mei in ketting bedrige hie.
Nei in koarte sykaksje koe de plysje de fertochte oanhâlde. De man is meinaam nei it buro en sit fêst foar fierder ûndersyk.