Asbest yn dakken nei 2024 ferbean

17 okt 2018 - 08:22

Asbest yn dakken is nei 2024 ferbean. De Twadde Keamer stimde tiisdei yn mei in wetsfoarstel fan steatssekretaris Stientje van Veldhoven fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. "Het is simpel: asbest is een grote bedreiging voor onze gezondheid en we moeten er van af. Het verbod op daken met asbest na 2024 staat nu. Dat betekent helderheid voor iedereen en de hoogste tijd om vandaag nog met saneren te beginnen", sei steatssekretaris Van Veldhoven tiisdei.

Gefaar foar asbest - Foto: ANP

Noch 80 miljoen fjouwerkante meter

Dakken binne de grutste boarne wêrtroch't asbestdieltsjes noch yn it miljeu komme. Der is noch sa'n 80 miljoen fjouwerkante meter oan asbestdakken yn Nederlân. De ôfrûne jierren binne al hiel wat fjouwerkante meters sannearre. Dit jier wurdt noch 12 miljoen fjouwerkante meter dak behannele.

Fryske subsydzjes

Earder stelde provinsje Fryslân al subsydzje beskikber mei de subsydzjeregeling 'Asbest eraf, postcoderoos erop' om dakken asbestfrij te meitsjen. Dêr waard safolle gebrûk fan makke dat dat potsje yntusken al leech is.

Fan 1993 ôf is it ferbean om asbest te brûken om te bouwen. Dat betsjut dat alle besteande dakken mei asbest op dt stuit op syn minst 25 jier âld binne.

(advertinsje)