Kollum: "Ypie en Sjoeke"

17 okt 2018 - 08:12

"Ferline wike wie 'k by in wylde boerinne. Nee, net ien of oar geil frommes út de greide, mar in sjongstik yn Drylts. It spilet fan 'e wike noch, mar as jim gjin kaarten ha, kinne jim der net hinne. Dy binne útferkocht, alle njoggen kear. Dus ik fertel jim it ferhaal mar efkes. Makke nei oanlieding fan in boek fan Teatse Eeltsje Holtrop. Dy libbe om 1900 hinne.

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Hy skreau yndertiid oer in boerinne, dy't widdo waard. Se woe doe net mei de âlde buorman boaskje. Dêrom moast se fan him rjocht fan reed betelje om by har kij te kommen. Dat ferdomde se. Mar doe't se dea wie, moast de kiste dat paad dochs lâns. Sa wûn dy âlde boer fan de jonge widdo. Hy hie de stipe fan de boargemaster, dûmny en de roddeljende mienskip, dy't de boerinne wyld neamden.

Lekker ferhaaltsje. Sa'n fyftich Dryltsters ha der fûn ik in prachtich iepenloftsjongspul fan makke. Efter de buorkerij fan Ten Woude. Gesellich. Gjin skoft. En dat moat ek net. Want dan ha de lju dy't dat wolle alle tiid om nei ôfrin efkes mei elkoar te âldehoeren. Dêr bin ik ien fan.

Doe hearde ik fan in soad lju: "Dit wie suver moaier as De Stormruiter". Dat gefoel hie ik ek wol wat. Stormruiter wie moai, al is it Dútske ferhaal "der Schimmelreiter" frij meager. Mar regisseur Jos Thie hat allegear aardige sketsen efter elkoar setten. Inkeld, dat wie it dan ek. Der kaam net in echt fonkje. Ik hie 't net graach misse wollen hear, safolle moais siet der wol yn. Mar dy Wylde Boerinne rekke my krekt mear.

Jitris, neat ten neidiele fan Jos Thie, dy kin sûnt Abe by my hielendal nea wer stikken. En as jo 22 kear 5.000 man lûke nei De Stormruiter is it hartstikke goed gien. Niks mis mei. Mar de Dryltsers moasten fansels al mei in wat legere begrutting wurkje.

Ik tocht efkes wer werom oan noch in oare frou: Marijke Muoi. Se wie begin dit jier yn Ljouwert yn de Grutte Tsjerke. Dat ferhaal spruts my ynhâldlik net bot oan. Dy skiednis is te faak werskreaun, dan wurde alle minsken better as dat se wiene. Mar de wize wêrop't dat stik opsetten wie, stie ik fersteld fan. De taskôgers waarden ferspraat oer tsien groepkes, je mochten net iens by jo eigen frou. Guon wiene tsjerkebesikers, oaren opruiers, dan wer in groepke hugenoaten, ensafuorthinne.

Dy sieten earst apart en kamen dêrnei yn de grutte tsjerkeseal mei in koptillefoan op. Dêr koene jo it stik folgje. Mar dy groepkes waarden hieltyd hinne en wer skuord troch de tsjerke. Jo groep hearde hieltiid wer by in oare groep. Mar de regisseur hie mei alles rekken hâlden en jo hearden op de koptillefoan inkeld mar wat jo hearre moasten. Hieltiid wer oare kombinaasjes. Doe ha 'k myn geastlike pet ôflutsen foar dy regisseur. Sjoeke Marije Wallendal.

Oan har tocht ik yn Drylts. Want dêr wie ek in frou baas. Ypie Zijsling. Har safolste poerbêste prestaasje. Se hie begjin dit jier al in skitterjend trijelûk oer Drylts mei "de Frijtinker". Jo moasten doe rinnende troch Drylts, trije tsjerken yn en oeral waard wat oars dien. Ypie Zijsling hat de ôfrûne jierren it 750-jierrich bestean fan Drylts sjen litten yn ferskate foarstellings. De boerinne wie de útsetter.

Hooplik net Ypie har útsetter. Ik wit wol, de hiele Dryltser befolking docht mei. Dat hat op alle oare plakken ûnder de toer ek sa west, geweldich. Mar Ypie stekt der as regisseur wat boppe út. Eins moatte sy en Sjoeke âldjiersdei as in earbetoan yn de belside oer it iis lutsen wurde troch tritich Frysk-kulturele hynders.

Beide moatte dan rillegau ek wer út de slide komme. Oan de slach mei moaie nije saken. Fryslân hat yn dit kulturele jier bûten provinsje en lân socht nei stipe. Dêr waard noch wol wat oer grommele hjir en dêr. Ypie en Sjoeke ha sjen litten dat wy sels ek noch wol wat kinne. Oeds Westerhof hat it op it stuit wat drok mei fertellen dat hjir njonken blokkear-Friezen ek noch gewoan folk wennet. Oeds komt dus efkes net oan syn kulturele haadstêd-erfenis ta. Mar dy kinne Ypie en Sjoeke foar in part wol ynfulle."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)