Aziatysk Olympysk kampioen nei Fryske maratonploech

17 okt 2018 - 07:31

It maratonreedrydteam fan it Fryske AB Vakwerk hat in primeur. Foar it earst yn de skiednis fan it maratonreedriden hellet in Nederlânsk team in rider út Azië derby. De Súd-Koreaan Seung-Hoon Lee (30) is tiisdei yn Nederlân oankommen en sil tongersdei foar it earst traine op Thialf. Mei Lee hellet it reedrydteam no ek in Olympysk kampioen yn hûs. De Súd-Koreaan sil mei syn frou op It Hearrenfean wenje.

Foto: ANP foto

Olympysk kampioen

Lee hat al in behoarlike steat fan tsjinst. Op de Olympyske Spelen fan 2010 wûn Seung-Hoon Lee goud op 'e 10 kilometer, troch te profitearjen fan de ferkearde baanwiksel fan Sven Kramer. Lee is offisjeel in langebaanrider, mar helle ôfrûne winter op de Olympyske Spelen ek goud op de massastart.

Twa jier lyn waard hy al wrâldkampioen op de massastart. De Súd-Koreaan sil no earst foar ien seizoen útkomme foar AB Vakwerk. Yn it ferline hat AB Vakwerk ek al talint fan bûten de lânsgrinzen by it team hân, de Italiaan Fabio Francolini, mar dy rekke der al gau út.

Grutte troef

Coach Roy Boeve hat mei Lee in grutte troef yn hannen. Dochs wol er de ferwachtingen net te heech lizze: "Wij rijden in de marathon heel andere wedstrijden. Eerst maar eens kijken of Lee het volhoudt. Lukt het tot de slotronde, dan is hij zeker gevaarlijk. Ik vind het natuurlijk ongelofelijk mooi en bijzonder om hem erbij te hebben."

AB Vakwerk is in Frysk/Noard-Hollânsk bedriuw yn de agraryske tsjinstferliening en sûnt 2014 haadsponsor fan in maratonteam.

Trefwurden: 
reedriden maraton AB Vakwerk
(advertinsje)