Yvonne Nauta wurdt maratonrydster

We kenne har benammen as reedrydster op de lange baan, as Nederlânsk kampioen allround en as dielnimster oan de Olympyske Spelen. Mar we sille reedrydster Yvonne Nauta dit seizoen ek sjen as maratonrydster. "Ik wit net iens oft ik 80 rûntsjes ride kin mei myn ankel."
© AW Foto
Nauta is net folslein ûnbekend mei it maratonriden. "Ik ryd altyd al wat maratons om te trainen en gewoan foar de leuk. Doe't ik troch Klasina Seinstra frege waard, ha ik wol efkes twivele. Ik wit net iens oft ik 80 rûntsjes ride kin mei myn ankel. Mar ik koe it oanbod net wegerje. It liket my hartstikke leuk om mei en foar in team te riden. Dat sprekt my hiel bot oan."

Brutsen foet

Nauta bruts mear as in jier lyn har skonk en hat lange tiid refalidearre. "Ik ha dizze maitiid al it metaal út myn skonk helje litten. Dat wie in pittige klus. Mar it fielt no wer folle natuerliker oan. Der siet sa folle metaal yn, dat it my yn it paad siet."
Mei it reedrydseizoen foar de doar rjochtet Nauta har foarearst noch op it langebaanriden. "Yn it begjin fokusje ik my op de lange baan. De earste trije maratons ryd ik net, want dan ha ik it te drok mei de wrâldbekerkwalifikaasje. Mar dêrnei ryd ik nei ferwachting wol in hiel soad maratons mei."

Schaatsdames

Yvonne Nauta is ien fan de fiif froulju dy't tiisdei presintearre waarden as rydsters fan in nije maratonploech. Dy ploech stiet ûnder lieding fan Klasina Seinstra, Alvestêdetocht-winneres fan 1997. Njonken Nauta bestiet de ploech mei de namme schaatsdames.nl ûnder oare út Manon Kamminga fan It Hearrenfean en Merel Brunsmann fan Twellingea.
Yvonne Nauta