Wetterskip Fryslân driget wettereasken net op tiid te heljen

Wetterskip Fryslân driget Europeeske easken oer skjinner wetter net op 'e tiid te heljen. Yn 2021 moat it Wetterskip in hiele bulte wurk klear ha foar de saneamde 'Kaderrichtlijn Water'. As de easken net helle wurde, kin der in boete oplein wurde. Ien en oar hat te krijen mei grutte bedragen oan Europeeske subsdyzjes dy't Wetterskip Fryslân krigen hat foar it wurk. En dat jild moatte jo op tiid opmeitsje. It Wetterskip skriuwt dat yn de risikoparagraaf yn in koartlyn publisearre fuortgongsrapportaazje.
Wetterskip Fryslân driget wettereasken net op tiid te heljen
In sleat by Toppenhuzen © Remco de Vries, Omrop Fryslân
It Wetterskip hat oant no ta benammen sleatten en fearten natuerfreonliker makke dêr't sy sels de baas oer binne. No't se ta binne oan de lytsere sleatten en fearten moat it Wetterskip folle faker om tafel mei foaral boeren. Mar grûneigeners lykas boeren sitte dêr lykwols lang net altyd op te wachtsjen. Dêrtroch nimt it oerlis oer dizze saken in soad tiid yn beslach.

Twongen meiwurking

Grûnruil is lang net altyd mooglik om't it om relatyf lytse stripen grûn giet. Mar der binne ek oare wizen wêrop it Wetterskip grûneigeners yn 'e mjitte komme kin. Mar yn in lyts tal gefallen hat it Wetterskip grûneigeners twongen mei te wurkjen. Mar safier wol deistich bestjoerslid Marian Jager it leaver net komme litte.
In natuerfreonlike sleat by de Snitser Mar © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Marian Jager fan Wetterskip Fryslân